Unyk filmmateriaal op ynternet

© Omrop Fryslân
It Frysk Film Argyf set histoarysk materiaal op ynternet. It giet om unyk lûden filmmateriaal, wêrûnder films út de jierren '20, dat digitalisearre wurdt. Nei digitalisearring is it argyf foar elkenien tagonklik.
By it projekt wurde lesbrieven foar it ûnderwiis makke. It is in projekt fan de trije noardlike provinsjes dy't der neist de rykssubsydzje ek jild ynstekke.