Grutte brân op It Hearrenfean

26 feb 2001 - 11:55

In winkel fan Scheer en Foppen yn it sintrum op It Hearrenfean is sneintemoarn folslein útbaarnd. Om goed tsien oere krige de brânwacht de melding. Mei 75 minsken wie healwei ienen it fjoer ûnder kontrôle.

Tsien omwenjenden waarden út foarsoarch evakuearre. Der wie in protte reek, mar skealike stoffen kamen net frij. De skea wurdt rûsd op in miljoen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)