GGZ komt mei nije berne-opfang

© Omrop Fryslân
GGZ Friesland begjint mei in nije foarm fan opfang foar jeugd mei psychyske problemen. Yn it eardere susterhûs fan Nieuwe Toutenburg yn Noardburgum kinne 48 bern en jongeren ien kear yn 'e moanne útfanhûzje en ris in fakânsje hâlde.
De opfang hat as doel de âlden fan de soarch thús te ûntlêsten. Oer trije jier moat de opfang in fêst plak krije yn Drachten. Der wurdt in nij gebou boud.