Heerenveen wint mei oermacht

25 feb 2001 - 14:50

SC Heerenveen hat freed mei grutte oermacht wûn fan Willem II yn Tilburch. De Friezen setten 1-6 op it skoareboerd. Ut in strafskop skoarde Landzaat de iennichste treffer foar de suderlingen.

De Sweed Allbäck krige de bal trije kear foarby de doelman. Talan makke twa doelpunten en Lurling skoarde ien kear. Neffens Heerenveentrener De Haan is de útslach in ideale stap op wei nei herstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)