Nije wike ek gjin feemerken

25 feb 2001 - 14:25

Feemerken meie foarearst net hâlden wurden. It ferbod dat derfoar soarge dat de Ljouwerter feemerk ôfrûne freed net trochgie, lit de boeren oare wike tiisdei en freed ek útsliepe.

De maatregel wurdt nommen om foar te kommen dat de sykte tongblier yn Nederlân útbrekt. De NLTO stipet it ferbod om it risiko fan de sykte sa lyts mooglik te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)