Banen faai by ABN/AMRO

© Omrop Fryslân
De kommende tiid ferdwynt in flink tal banen by de Fryske ABN/AMRO-festigings. Dat ferwachtet fakbûn FNV. De bank makke tongersdei bekend de kommende jierren 250 fan de 800 filialen te sluten.
It is no ek pas dúdlik wurden dat troch de reorganisaasje fan ferline jier yn Ljouwert tsientallen minsken oerpleatst wurde nei Grins. Mar dat tal sil no heger útfalle, sa ferwachtet it fakbûn.