Harns hat profyt fan ôfsluting

© Omrop Fryslân
De fiskôfslach yn Harns hat profyt fan it ôfsluten fan 'e Noardsee. De kotterfiskers sette de netten foaral noardlik fan 'e Waadeilannen út. Mear fiskers as oars kieze foar de Harnzer feiling.
De ôfslach yn Grins hat derfan te lijen om't dy fierder ôf is fan it iepen fiskgebiet. De oanfier leit noch net leger as oars. De skol is frij djoer op it stuit, tong en tarbot net.