Liuweprint en Welpeprint útrikt

© Omrop Fryslân
De prizen foar de bêst fersoarge oarspronklik Fryske boeken oer it jier 2000 binne tongersdei takend oan de Friese Pers Boekerij en útjouwerij Bornmeer.
De Liuweprint, foar in roman, dichtbondel of oarsoartige útjefte, wie foar 'Moade yn Fryslân', gearstald troch Gieneke Arnolli. De Welpeprint, foar in berne-of jongereinboek, gie nei 'Wolken fan wol', skreaun troch Lida Dykstra.