Fleantúch sjit op kontrôletoer

© Omrop Fryslân
In Dútsk fleantúch hat tongersdei op oefenterrein De Vliehors op in kontrôlepost sketten. De post waard rekke troch sân kûgels. De trije meiwurkers yn de toer mankeart neat.
De Dútske Tornado hie in oar doel reitsje moatten. Hoe't it komt dat it fleantúch op de toer sketten hat is ûndúdlik. De luchtmacht stelt in ûndersyk yn. Fan it ynsidint binne fideo-opnamen makke.