Provinsje wol hege mêsten keare

© Omrop Fryslân
De provinsje kin op dit stuit it pleatsen fan hege reklamemêsten troch gemeenten net keare. It saneamde streekplan seit dêr nammentlik neat oer. De provinsje wurket no hurd oan in plan dat oanfragen foar mêsten ferbiede kin.
De saak is oant it rôljen rekke trochdat Hearrenfean in mêst fan 33 meter pleatse wol. Dy soe by it klaverblêd komme moatte.