Warskôging foar tongbliersykte

22 feb 2001 - 12:08

Lânbouorganisaasje LTO advisearret greidboeren it ferfier fan fee sa folle mooglik te beheinen. Dit yn ferbân mei it útbrekken fan tonbliersykte (monden klauwzeer) yn Essex, Ingelân.

Tongbliersykte is tige besmetlik foar kij, bargen, skiep en geiten. Neffens de LTO binne woansdei al boeregearkomsten net trochgien om de sykte. It is ûndúdlik oft de Ljouwerter feemerk trochgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)