Sionsberg pakt probleem oan

© Omrop Fryslân
Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum hat in tydlike oplossing betocht foar de kwestje fan de 'ferkearde bêden'. Dy kwestje hâldt yn dat âlderen dy't eins nei in ferpleechhûs moatte, in bed beset hâlde om't yn it ferpleechhûs gjin plak is.
De Sionsberg hat as earste Fryske sikehûs spesjale units delset njonken it pân. Dêryn is plak foar 14 minsken út de oanbelangjende groep.