Namme PAL bliuwt bestean

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter politike partij PAL/GrienLinks feroaret de namme net. Moandei is yn de ledegearkomste fan de partij stimd oer it fuortbestean fan PAL.
It bestjoer fan de partij woe de namme feroarje yn GrienLinks, mar it begryp PAL (Progressive Aktie Leeuwarden) leit noch hieltyd hiel gefoelich by guon leden. Der waard net in twa-tredde mearderheid helle foar it útstel.