Melddei foar belestingwet

© Omrop Fryslân
Hast hundert minsken hawwe moandei reagearre op de provinsjale melddei foar de gefolgen fan de nije belestingwet. De melddei waard organisearre troch it Platform Uitkeringsgerechtigden Friesland, it PUF.
Ut meldingen docht bliken dat guon minsken mei in útkearing der dochs op efterút geane. It regear hat by de yntroduksje altyd sein dat dat net barre soe.