NLTO easket 'Langmanjild' op

© Omrop Fryslân
De lânbousektor profiteart noch hieltyd net fan 'e Langmanjilden. Om hjir wat oan te dwaan begjint de NLTO mei de aksje 'Kompasjild foar de Lânbou'.
Mei dizze aksje hopet de NLTO it neffens harren 'starre' ministearje fan lânbou yn aksje te krijen. Neffens planning hie lânbou al 15 miljoen útjaan moatten. De NLTO wol no fan gjin útstel mear witte. Byneed moatte de provinsjes foarsjitte.