Aaigoaien fan 'e wettertoer

© Omrop Fryslân
De âld wettertoer fan Snits wie moandei middelpunt fan in test aaigoaien. Learlingen fan it Bogermankolleezje krigen de opdracht om in orizjinele ferpakking te meitsjen sadat it aai hiel bliuwt as it fan de wettertoer falt.
De measte aaien bleaune yndied hiel nei de frije fal fan 30 meter. It doel fan 'e opdracht wie om te learen goed selsstannich en mei oaren gear te wurkjen.