Nijpels: 'Subsydzje foar COC'

19 feb 2001 - 11:28
Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris Nijpels hat it nije ûnderkommen fan homobelange-organisaasje COC yn Ljouwert iepene. Under de gasten wiene ek steateleden en fertsjinwurdigers fan gemeenten en oare ynstânsjes.

De kommissaris liet him yn syn taspraak posityf út oer strukturele subsydzje foar it COC. De ôfdieling Ljouwert is de hurdst groeiende fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)