ONS kânsleas tsjin De Harkema

© Omrop Fryslân
ONS Sneek wie sneontejûn kânsleas tsjin meihaadklasser Harkemase Boys. Yn 'e Wâlden ferlearen de Snitsers mei 2-0. Willem Brouwer miste in penalty. 'Man fan de wedstriid' wie de Harkemaster John Weening. Hy makke beide goals, ien foar en ien nei de rêst.
Mei de oerwinning krije de Harkemase Boys oansluting by de middenmoat. ONS Sneek bliuwt yn degradaasjesoargen.