Alden bouwe sels oan skoalle

18 feb 2001 - 14:14
Foto: Omrop Fryslân

Alden fan basisskoallelearlingen yn Weidum hawwe it inisjatyf nommen om sels in needlokaal te bouwen. Troch de grutte tarin kin de skoalle alle bern net bergje. Sadwaande sit groep 4 op de gong.

In lyts tritich heiten en memmen wie sneon warber om mei houten skotten in ekstra rûmte te meitsjen. Ien fan de memmen hat it lokaal ûntwurpen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)