Winst foar Cambuur

18 feb 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Cambuur hat sneon yn Venlo mei 2-3 fan VVV wûn. Beide clubs giene sûnder doelpunten de rêst yn. Dêrnei begûn de opmars foar de Ljouwerters. Se makken trije goals achterinoar. De Freitas iepene de skoare, folge troch twa goals fan Van der Heide

VVV kaam lykwols aardich by mei treffers fan Evans en Onyeike. Cambuurspiler Vergoosen krige in reade kaart.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)