Rink van der Velde ferstoarn

© Omrop Fryslân
Fryslâns bekendste en meast lêzen skriuwer Rink van der Velde (68) is sneon ferstoarn. Hy wie al in skoft slim siik. Van der Velde hat mear as 30 boeken op op syn namme. Bekende titels binne 'De Fûke' en 'Feroaring fan Lucht', better bekend as 'Durk Snoad'.
Van der Velde skreau yn syn boeken faak oer it libben fan de lytse man, lykas ielfiskers, jagers en kafeebesikers.