Nije beskoeiing moat ferfongen

© Omrop Fryslân
Wetterskip Boarn en Klif moat de beskoeiing fan de Heafeart nei twa jier al wer ferfange. Mei de beskoeiing is neat mis, mar der sit arseen yn it hout.
Gefaar foar fersmoarging is der net, mar sûnt 1995 mei hout mei arseen net mear brûkt wurde. Wetterskip Fryslân wol dat Boarn en Klif de regels neikomt. By it oanlizzen fan de beskoeiing wist it wetterskip net dat der arseen yn siet.