Ferfolch taalkwestje Brantgum
De taalkwestje yn Dongeradiel krijt in ferfolch. Frou Siezenga fan Brantgum wol opheldering fan de gemeente oer de juridyske status fan de gedrachsregels foar it Frysk.
Dy regels stelde it kolleezje op nei oanlieding fan de opskuor by de wegering fan wethâlder Oosterhof om Hollânsk te praten. Neffens frou Siezenga binne de gedrachsregels fierstente ûndúdlik.