Hierders lilk op BWL

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert moatte de maatregels tsjin oerlêst fan jongerein sels betelje. Wenningbouferiening BWL berekkenet de kosten troch yn in hierferheging.
De kwa arsjitektuer moderne wenten binne ferline jier boud. De iepenheid jout jongerein gelegenheid yn portiken en op treppen en dakken om te dangeljen. Twa treppen wurde no ôfsluten.