Snitser ferantwurdlik foar firus

15 feb 2001 - 17:07
Foto: Omrop Fryslân

In 20-jierrige Snitser is ferantwurdlik foar it kompjûterfirus Koernikova. De plysje hat him oanhâlden en nei prosesferbaal opmakke te hawwen wer frijlitten.

De jonge hie in program fan it ynternet helle en oanpast. Syn firus komt binnen mei it iepenjen fan email mei in foto fan de tennister. It firus is net skealik, mar kin him rap ferspriede.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)