Om 'e nocht panyk by bakker

15 feb 2001 - 12:56

By flaaiebakker Van de Leur yn Boalsert wie woansdeitemiddei in soad opskuor. In stikkene sekering makke dat it ammoniakalarm ôfgie. Fuort dêrop sloech It bedriuw grut alarm. Der soe in eksploazje wêze en twa minsken fermist wurde.

De brânwacht waard ynskeakele en sleat it bedriuweterrein ôf. Uteinlik die bliken dat der neat oan de hân wie. De ammoniak is foar it kuoljen fan masines.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)