Oanfier slachtfee sil tanimme

14 feb 2001 - 18:02

De oanfier fan slachtfee op de feemerken sil ynkoarten flink tanimme. Neffens de NLTO hâlde de boeren it fee no noch fêst, omdat de prizen troch de BSE-krisis leech binne.

De NLTO is min te sprekken oer de plannen fan lânboukommissaris Fischer fan de Europeeske Kommisje. Dy wol sûn fee ferneatigje litte om de prizen fan it fee wer op peil te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)