Koart pleit tsjin Universiteit?

© Omrop Fryslân
De Universiteit fan Amsterdam hâldt fêst oan it foarnimmen om de doktoraalstúdzje Frysk te skrassen. De UvA wol de stúdzje Frysk 'ruilje' tsjin it Gryks yn Grins. De universiteit Grins wurdt dan de iennichste fulltime stúdzje Frysk.
De Fryske Akademy oerwaacht om juridyske stappen te nimmen tsjin de Universiteit fan Amsterdam. De Akademy betellet de stúdzje foar in wichtich part.