Friesinger begjint profteam

© Omrop Fryslân
Wrâldkampioene Anni Friesinger begjint in profteam. "Dat moat. Oars hâlde wy de konkurrinsje mei de Nederlanners net fol", seit har trener Markus Eicher.
Friesinger hat in bod fan in Nederlânske team ôfwiisd om foar harsels begjinne te kinnen yn har wenplak Inzell. Njonken Friesinger har broer en susters komt ek de Frânsman Kuentz yn it Dútse team. Har freon Ids Postma hat in kontrakt by DSB.