Oerienstimming oer dongwet

13 feb 2001 - 15:31

Lânbouminister Brinkhorst en de Keamerfraksje fan CDA en VVD binne it iens wurden oer de ynfolling fan de nije dongwet. Neffens Europeeske noarmen meie boeren net mear as 170 kilo stikstof de bunder útride.

Yn 2002 wurdt besjoen oft dy noarm reeël is. As it dongoerskot tafalt, komt der in tuskentiidske bystelling. In echte wetswiziging soe te lang duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)