Wickie de Fiking yn it Frasch

© Omrop Fryslân
De ferhalen fan Wickie de Viking binne no ek yn it Noardfrysk beskikber. It boek wurdt útjûn troch de Foriining for nationale Friiske. Yn it Noardfrysk hjit de jonge held 'Wiike Wiiking'.
Oersetting en tekeningen binne fan de hân fan Marie Tangeberg. Sy hat de ferhalen oerset yn it Mooringer Noardfryske dialekt. Der binne yn Dútslân sa'n 10.000 Noardfryskpraters.