Tonny de Jong stelt teloar
Tonny de Jong hat in teloarstellend WK riden yn Boedapest. De Nederlânske kampioene waard njoggende. Se hie tefolle lêst fan de wyn. Anni Friesinger waard foar it earst kampioen. De freondinne fan Ids Postma bleau krekt in sekonde foar op Claudia Pechstein.
In brûnsen medaille wie der foar Renate Groenewold. Barbara de Loor waard fyfde.