Mear fytspaden yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân sil de kommende jierren fyftjin fytspaden oanlizze. De helte fan de paden wurdt dit jier en takom jier oanlein, de oare helte oer twa of trije jier.
Foar de earste helte wurdt 1,4 miljoen gûne útlutsen. Dêr wurde ûnder oaren fytspaden foar oanlein bylâns de Imerwyk by Drachtsterkompenije en by de Feanhoop.