Nijbou herberch Stania State

© Omrop Fryslân
De âlde herberch by Stania State yn Oentsjerk wurdt ferfongen troch in nij multyfunksjoneel hoarekagebou. Mei de sloop fan de herberch wurdt yn maart út ein set.
It nije gebou, in ûntwerp fan arsjitekt Dorenbos fan Readtsjerk, moat yn juny klear wêze. It ûntwerp is sa makke dat it histoaryske karakter fan Stania State net oantaast wurdt.