Dei tsjin sinleas geweld

© Omrop Fryslân
Donkerbroek organisearre sneon in dei tsjin sinleas geweld. Oerdei wienen der workshops foar de jongerein en jûns wie der in petear mei de broer fan ombrochte Froukje Schuitmaker út Gorinchem.
De dei wie in inisjatyf fan Doarpsbelang en de skoallen, tsjerken en sportferiening yn Donkerbroek. It doel wie om sjen te litten dat feilichheid in saak fan de hiele mienskip is.