Gjin gedrachskoade Fryske taal

© Omrop Fryslân
De polityk yn Dongeradiel hat gjin ferlet fan in gedrachskoade Fryske taal foar kolleezjeleden. Fêste regels hoege der fan de fraksjefoarsitters net te kommen sa waard tongersdei dúdlik yn de kommisje Algemiene Saken.
It kolleezje hat foar himsels sân útgongspunten en gedrachsregels opsteld nei oanlieding fan de affêre tusken wethâlder Oosterhof en frou Siezenga.