Gemeente kapt gefaarlike beammen

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Tytsjerksteradiel wurde de kommende wiken beammen kapt dy't gefaar opleverje foar de omjouwing.
Neffens de gemeente binne in protte beammen oantaast troch rûpen. De beammen wurde dêr siik troch en de kâns is dan grut dat se omwaaie. Dêrneist sille ek stikken boskplantsoen ynkoarte wurde. Tytsjerksteradiel brocht ferline jier al it oan te pakken grien yn kaart.