Man út Marrum fermist

© Omrop Fryslân
De 44-jierrige Anne Bouma fan Marrum is sûnt moandei 29 jannewaris fermist. Hy soe op dy dei nei Súdlaren dêr't er foar syn wurk in ôfspraak ha soe. De plysje hat lykwols útfûn dat der fan in ôfspraak gjin sprake wie.
Bouma ried yn in grize persoane-auto. Hy is 1.90 meter lang, hat donkerblûn hier en blauwe eagen. Minsken dy't Bouma sjoen ha, kinne de plysje belje.