'Mear argewaasje troch hokjes'

© Omrop Fryslân
Wolstânskommisje Hûs en Hiem ferwachtet dat in soad buorlju spul krije sille, as it makliker wurdt om in dakkapel of hokje te pleatsen. De bouwurkjes soene maklik foar argewaasje soargje kinne.
Steatssiktaris Remkes wol it fan takom jier ôf mooglik meitsje om sûnder fergunning oan de efterkant fan in hûs te bouwen. Foar ferbouwings oan de foarkant wurdt de proseduere fersoepele.