Nije brêge hyt Frisia-brêge

07 feb 2001 - 18:07

De nije brêge oer it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer krijt de namme Frisiabrêge. Deputearre Steaten besleaten dat tiisdei op advys fan de Fryske Akademy. Frisia wie de namme fan it eardere sûkerfabryk dat flakby it plak fan de brêge stie.

Neffens deputearre Heldoorn is der by de namme rekken mei holden dat dy foar de skippers maklik út te sprekken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)