'Jelle' is in grut sukses

© Omrop Fryslân
It nûmer 'Jelle' fan it Grinzer duo Slimme Schemer en Tido is in grutte hit yn Nederlân. It liet komt dizze wike op nûmer 4 yn de Megatop Honderd binnen.
Yn de parody op it ferske fan 'e Amerikaanske rapper Eminem wurdt sjonger Syb fan De Kast troch in fan achterfolge. De Fryske band focht fergees it útbringen fan de single by de rjochter oan. De band hie om tastimming frege wurde wollen.