Oanpak fan winkeldieverij

07 feb 2001 - 09:57

Om winkelstellerij tsjin te gean is it projekt 'Samen Veilig Ondernemen' opset. Undernimmers, plysje en gemeente pakke de dieverij op in soad plakken oan. Op De Jouwer, yn Drachten en Ljouwert is it projekt al begûn.

Der is belangstelling foar de oanpak yn Dokkum. Frjentsjer, Snits, Wolvegea, De Lemmer, Kollum en Surhústerfean wolle ek yn 'e oanfal tsjin stellen út winkels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)