Skea by museum troch lekkerij
Troch it teien fan de snie hat it Frysk Museum lekkerij krigen yn de tekstylseal. Yn ien fan de fitrines fan de útstalling 'Mode op z'n Fries' is wetter rûn. De seal bliuwt dizze wike noch ticht.
Ien fan de topstikken fan de útstalling hat wetterskea oprûn. It giet om in frouljuskostúm út 1865. It kostúm is foarearst fuorthelle.