Skoalle út Drachtster wenwyk

05 feb 2001 - 14:30

Ynwenners fan de Drachtster wyk De Venen binne net te sprekken oer it ferdwinen fan de iepenbiere basisskoalle De Barte. Dêrmei is der gjin skoalle mear yn dy buert. De leefberheid fan 'e wyk giet dêrmei neffens de bewenners achterút.

It Iepenbier Primêr Underwiis wol de bern fan De Barte yn 'e takomst nei de skoalle yn 'e oanbuorjende wyk De Bouwen stjoere. Dêr komt in nij skoalgebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)