Wurk fan 't Atelier op De Gordyk

© Omrop Fryslân
't Atelier, in teken- en skilderklub, bestiet 20 jier. Mei in eksposysje yn De Skâns op De Gordyk wurdt dat fierd. De leden komme al jierren by elkoar om ûnder lieding fan byldzjend keunstner Marleen van Engelen ferskate techniken te learen.
De útstalling toant in trochsneed fan it troch de jierren hinne makke wurk. Fan 10 febrewaris oant en mei 16 april.