Stjerresjochdei yn Nijehoarne

© Omrop Fryslân
De wolken wiene freedtejûn spulbrekker op de lanlike stjerresjochdagen, alteast yn Fryslân. Fan stjerren en planeten sjen kaam net folle mei it tichte himeltek. De Fryske ôfdieling yn Nijehoarne hie as alternatyf in diapresintaasje.
De ôfdieling Nijehoarne hat fyftich leden. Mei dizze jûnen hoopje se mear flecht op de koai te krijen. Sneon en snein binne der ek iepen dagen.