Groei fan biologyske lânbou
De reguliere lânbou groeit de kommende jierren hieltyd mear nei de biologyske lânbou ta. Dy ferwachting spruts LTOfertsjintwurdiger Hylkema út op de sektordei fan de biologyske lânbou.
Hûnderten boeren besochten freed de sektordei foar de biologyske lânbou yn Oranjewâld. De dei wie troch ferskillende organisaasjes opset.