Petear oer poppe Van Eijden

© Omrop Fryslân
It ministearje fan justysje praat meikoarten mei de advokaten fan Angelique van Eijden oer har poppe. De frou is yn heger berop ta acht jier feroardiele foar deaslach op Risanne Tingen.
Se wol har ien-jierrige dochter by har ha yn it Hûs fan Bewar. Dat is net tastien. De advokaat is bliid mei de tasizzing fan it ministearje. Ek de prokureur-generaal fan it Hôf praat mei.