Plak bekend fan merke Bûtenpost

02 feb 2001 - 17:27
Foto: Omrop Fryslân

It nije eveneminte- en merketerrein yn Bûtenpost komt definityf by de sporthal en it swimbad. It plak by sealesintrum de Point en de Rabobank is net helber, dat hat ûndersyk útwiisd.

Der komt mear parkearromte by it sportkompleks om foldwaande romte foar de merke te hawwen. Der sil goed twa ton yn it terrein ynvestearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)