Rendac kreatyf mei diermoal

© Omrop Fryslân
Rendac wol diermoal brûke om mei te stoken. It destruksjebedriuw yn Sumar ûnderhannelet al mei in koalesintrale.
It moal is in ôffalprodukt dat frijkomt by de destruksje fan bisten. Fanwege de BSE-krisis mei it net mear ferwurke wurde yn feefoer. Rendac is ek yn petear mei de semintyndustry om it diermoal dêr te brûken. Yn it bûtenlân bart dat al.